Soad ûndúdlikheid oer fleanrûtes Lelystad Airport

26 apr 2017 - 18:01

Der is noch in soad ûndúdlik oer wat de gefolgen foar Fryslân binne no’t it fleanfjild yn Lelystêd flink útwreide wurdt. Sa binne oanfleanrûtes noch net wis en bliuwt ûndúdlik wat de eventuele oerlêst wêze sil. Mar de kâns is grut dat it tal fleantugen dat leech oer Fryslân fljocht, flink grutter wurdt. Ek provinsje en gemeenten wachtsje op mear ynformaasje. Yntusken binne de earste wurkgroepen al wol oprjochte dy’t har dwaande hâlde mei de gefolgen foar Fryslân. We makken in rûngong troch de provinsje.

De Twadde Keamer stimde yn 2014 al yn mei de útwreiding fan Lelystad Airport. Dat moat klear wêze yn april 2019. De earste wurksumheden binne yntusken begûn. De útwreiding is nedich om de druk op Skiphol te ferminderjen. Oer twa jier wurde benammen fakânsjeflechten oerhevele nei regionale fleanfjilden lykas Eindhoven, Rotterdam en dus Lelystêd. As gefolch dêrfan ûntsteane nije fleanrûtes, benammen oer De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. Boppe de Stellingwerven soe in wachtgebiet komme dêr’t fleantugen omsirkelje kinne foardat se lânje.

Oerlêst yn Fryslân

Hoe grut oft de eventuele oerlêst wêze sil, is ek noch ûndúdlik. Op in spesjale webside oer de útwreiding fan Lelystad Airport steane al wol kaarten mei oanfleanrûtes. Neffens dizze kaarten krijt foaral Starum it foar de kiezzen. Fleantugen út de rjochting fan Ingelân komme sawol op de hinne- as de weromreis hjir oerhinne. De gemeente Súdwest-Fryslân lit witte hjir noch net fan op de hichte te wêzen en ek yn de stêd sels binne net folle minsken fan de situaasje op de hichte. Dat jildt foar in soad plakken yn ‘e omkriten. Doarpsbelangen sizze net folle te witten, mar litte witte der meikoarten wol oer te praten.

De gemeente De Fryske Marren reagearret op harren webside op de plannen: “Wij zijn van mening dat de uitbreiding van de luchthaven volgens de daarvoor aangewezen procedures is verlopen. De noodzakelijke onderzoeken zijn gedaan. Voor zover wij het kunnen beoordelen, past het allemaal binnen de daarvoor geldende landelijke regels.” De gemeente wol yn petear mei it fleanfjild.

De fragen fan Omrop Fryslân oer de fleanrûtes wurde troch Lelystad Airport net beäntwurde. Se ferwize troch nei Luchtverkeersleiding Nederland, de offisjele ynstânsje foar it fleanferkear. Ek út harren reaksje blykt noch in kear dat der in protte ûndúdlikheid is: “Deze kaarten komen ons totaal niet bekend voor. We zijn samen met de militaire luchtverkeersleiding bezig met het ontwerpen van de aanvliegroutes en kaarten. Die hopen we later dit jaar klaar te hebben. Wanneer wij ze klaar hebben moet het ministerie de kaarten ook nog goedkeuren.”

Aksjegroepen

Echte aksjegroepen binne der noch net yn Fryslân, mar op guon plakken binne al wol boargers dwaande mei de plannen. Sa is der yn de Stellingwerven in wurkgroep oprjochte. De Stellingwerven lizze oan de râne fan it wachtgebiet boppe de Weerribben. Rob de Wind út Munnikebuorren makket diel út fan de wurkgroep. Neffens him komme fleantugen, dy’t lânje wolle op Lelystad Airport, op sa’n 1500 oant 1800 meter oer De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. By guon waarsomstannichheden kinne fleantugen op 1200 meter oer de Sleattemer Mar fleane. It lûd is dan te ferlykjen mei in frachtwein dy’t 60 meter fierderop op flinke snelheid foarbyrydt.

Neffens De Wind hoege fleantugen hielendal net sa leech te fleanen. “Vliegtuigen die naar Schiphol vliegen kunnen makkelijk boven de toestellen vliegen die naar Lelystad gaan. Maar daar moeten de verschillende luchtverkeersleidingen natuurlijk wel aan willen meewerken".

Groningen Airport Eelde

De sitewaasje is te ferlykjen mei Grins en Drinte. Yn 2013 waard de lâningsbaan fan Groningen Airport Eelde ferlinge, sadat ek gruttere fleantugen fan it fleanfjild ôf fleane kinne. Neffens Jan Wittenberg, wurdfierder fan VOLE (Vereniging Omwonenden Luchthaven Eelde), falt de oerlêst dêr wol ta. “De overlast was aanzienlijk groter toen er nog voornamelijk werd getest en gelest. De overlast nu, van het reguliere vliegverkeer, stelt niets voor. 's Zomers vertrekken er zo’n 15 vakantievluchten per week.”

Lelystad Airport sil lykwols folle drokker wurde, sa is it perspektyf. Yn it earste jier fan de útwreiding moatte der 2000 fleanbewegings yn it jier mooglik wêze. Dêrnei kin dat rap oprinne nei 10.000 bewegingen yn de earste fiif jier. Nei 15 jier kinne dat der sels 45.000 yn it jier wurde.

Oerlêst foar de natuer

Ek natuerorganisaasjes hâlde har noch net bot dwaande mei de útwreiding. Mar dat it gefolgen ha sil foar floara en fauna is lykwols dúdlik. Neffens Chris Bakker, haad natuerkwaliteit fan It Fryske Gea, soenen de leechfleanende fleantugen foaral oerlêst feroarsaakje foar wetterfûgels. “It opstigen fan fûgels kost harren in soad krêft. As sy dat alle kearen dwaan moatte, dan kinne sy dêrtroch útput reitsje. Ek mije sy gebieten dêr’t fleantugen sa leech fleane.”

Bakker is fierder benaud dat besikers fan natuergebieten fuortbliuwe: “In soad minsken komme fansels ek foar harren rêst yn de natuer. Wannear't der alle kearen sa’n grut fleantúch oer in natuergebiet fljocht, dan sykje minsken minder gau dy plakken op.” It Fryske Gea besjocht meikoarten de mooglikheden om gear te wurkjen mei oare natuerorganisaasjes yn dizze kwestje.

Demisjonêr steatssekretaris Sharon Dijksma liet yn febrewaris noch witte oan de Keamer dat de iepening yn april 2019 har earste prioriteit is: “Het plannen van de aansluiting van aanvliegroutes op andere routes in het hogere luchtruim is een nog taaiere opgave dan gedacht.” 

(advertinsje)
(advertinsje)