Kapel fan 30.000 LEGO-stiennen opboud yn Snits

22 apr 2017 - 12:03

Pastoar Van der Weide fan Snits seiniget moandei in kapel yn dy't fan LEGO-stiennen opboud is. De grutte kapel stiet yn it modelspoarmuseum yn Snits. Hy is neiboud nei in kapel út in Ingelsk kastiel en is oplutsen út 30.000 legoblokjes. Der sit in altaar en in spyljend oargel yn. Der is in jier oan boud.

De LEGO-kapel is ûnderdiel fan it Festijn fan Bouwstenen yn it modelspoarmuseum. Dêr binne noch folle mear legobouwurken en ek treinen te sjen. Bern kinne der mei lego boartsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)