Wetterliedingnet warskôget tenei sels foar steurings

© Omrop Fryslân
It Fryske drinkwetterliedingnet krijt 400 tûke sensoaren. Dy hâlde kontinu yn de gaten wat der bart yn de ferskate wetterliedingen en wêr't bygelyks in breuk ûntstien is of driget te ûntstean. Sa kin der folle flugger reagearre wurde op steuringen of kinne dy sels foarkaam wurde.
Konsuminten kinne fia de mobile telefoan yn it foar warskôge wurde dat se eefkes sûnder wetter komme te sitten. Vitens is ferline jier begongen mei it pleatsen fan de sensoaren en is mei in pear wike klear. Dêrnei moat alles test wurde. Ein dit jier hopet Vitens it tûke drinkwetterliedingnet yn gebrûk te nimmen.