Spannumer Keningsspelen stean yn it ramt fan Sybrant Roorda

21 apr 2017 - 13:39

De Keningsspelen by CBS De Tarissing yn Spannum stiene freed yn it teken fan de midsiuwen. Dat hat alles te krijgen mei it iepenloftspul oer Sybrant Roorda. Dat is in jonkhear út de 15e iuw. Hy leit begroeven yn de tsjerke fan Spannum. In soad skoalbern dogge ek mei oan it teäterstik oer him. En dêrom like it de skoalle aardich om de midsiuwen as tema te hawwen by de Keningsspelen.

Sa wiene de skoalbern en de juffen ferklaaid, en hiene de skoalbern stokhynders en houten skylden makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)