Menameradiel ûndersiket mooglike bou fan tiny houses

In foarbyld fan hoe't tiny houses derút sjen kinne © Gerard Dijkstra
Menameradiel krijt mooglik ek tiny houses. De ried fan Menameradiel hat tongersdei ynstimd mei in ûndersyk nei de mooglikheden foar de bou dêrfan. De fraksje fan de FNP hie hjirfoar in inisjatyffoarstel yntsjinne. Dat krige stipe fan de folsleine gemeenteried. Neffens de partij kinne de lytse, betelbere wenningen fierdere krimp op it plattelân tsjingean.
It kolleezje hat no de opdracht krigen om út te sykjen oft der belangstelling is foar de tiny houses en wêr't se komme kinne. Yn ûnder oare Harns en Hurdegaryp binne se ek dwaande mei tiny houses.