Matthijs Hardijk ferlit Harkemase Boys en giet nei AZ

21 apr 2017 - 10:45
Mathijs Hardijk yn aksje - Foto: Harkemase Boys

Harkemase Boys ferliest in spiler oan AZ. Matthijs Hardijk ferlit nei dit seizoen de Harkiten. Der wie belangstelling fan meardere klups. De oanfaller hat in oantal trainingen meidien by de Alkmaarse klup en dêrby hat er in soad yndruk makke.

Ferline jier kaam Hardijk oer fan de A1 fan FC Grins nei Harkemase Boys. Dit seizoen skoarde de 19-jierrige Hardijk seis kear en boppedat joech er fiif assists.

(Advertinsje)
(Advertinsje)