Kollum: "Sybrandt"

21 apr 2017 - 08:39

"De kat is siik.

It is mar in bist, dat wit ik wol. Mar dêr leit er, ús Sybrandt, lamliddich te wêzen. Langút. De eagen grut en swart. De wille is út syn eagen fuortglipt. As er wol preteachjes hat, wol er boartsje en dogge we tikkertsje. Hy hipt fuort en ik slûp as in tiger achter him oan. No hat er gjin nocht mear oan tikkertsje.

It is mar in bist, dat wit ik wol.

Doe't ik lyts wie, waarden lytse poeskes fersûpt yn in amer. En in buorman die poeskes yn in sek en bûn se achter syn útlit. Ik doarde net te sjen. Miskien wie it in pleagerij en seinen se it mar, mar ik bin it net ferjitten. It idee allinnich al. Bisten bin bisten. Dat sil bêst.

Ik ha in pear jier lyn in kat oanriden, op in paad dat ik goed kin. Hoe faak bin ik hjir wol net delrûn as ik by myn buorfamke Aafke weikaam. Hûnderten kearen. Miskien wol tûzenen. Mar it wie sa tsjuster, dat bin ik net mear wend. De kat skeat út de berm en ik rekke him mei myn auto. Hy hipte fuort. It baaske by wa't ik oanbelle sei: hindert neat juh. Hy rêdt him wol.

Bisten bin mar bisten.

Mar sa wurket it net.

Myn kat heart by ús gesin. Ik kommunisearje mei him. Hy is myn waakhûn en myn skjinmaktsjinst. Hy fret spintsjes op dy't my narje. Of miggen. It is gjin skoatsitter mar doe't ik yn ferwachting wie, hat er tiden by myn bûk sitten te spinnen.

Doe't we him ophellen, wenne ik noch yn in Haarlems suterich studintehûs. Der wie in steile trep, mei in hek om it trepsgat hinne. Wy wiene sa sljocht op ús lytse, swarte katsje dat we hinnegaas om it hek spanden sadat it lytse darteldinkje net tusken de spilen falle soe.

Soms wienen we him kwyt en dan wie er yn de steande lampe klautere. Of hie er him ferstoppe yn de boekekast. Of bûten. Kaam ik thús, dan stie er boppe oan de trep te wachtsjen. As ik de doar iependie, hearde ik 'm al troch it kattelûkje sjitten. It wie krekt in hûntsje mei in kwispeljende sturt. Mar dan yn in katteliif.

Mar no is er alve jier en leit er mar te lizzen. Hy moast safolle pisje, en hong mar by syn drinkbak. Ik mei him nei de bistedokter. Wylst ik yn de wachtkeamer siet en wachte op de útslach, kaam der in Haagse hear oan de baly. "Ik kwam maar weer eens pilletjes halen voor onze Mabel. Mabel heeft de neiging om uit te dijen", sei er fleurich. "We noemen haar nu de theemuts." Ik moast grinnikje. It is ek wol wat. We soargje soms better foar ús húsdieren as foar ússels.

Dernei seach ik in stoere fint de praktykromte útkommen mei in drôvich gesicht. Syn kattekuorke wie leech. Hy bûn de koer achterop syn fyts en trape stadich fuort.

It is sûkersykte, sei de bistedokter. Hy moat deistich spuitsjes en spesjaal fretten.

Doe't ik der in pear dagen letter wér siet, rûn wer ien mei in leech kuorke de doar út. Dit kear in frou mei triennen op har wangen. De bistedokter-assistente belle mei de opromtsjinst. 

It bin mar bisten. Dat wit ik heus wol. Mar sûnder ús Sybrandt, ik bin der noch net oan ta."

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(advertinsje)
(advertinsje)