Wethâlder Welle fan Eaststellingwerf stapt op

21 apr 2017 - 06:37

Wethâlder Hans Welle fan Eaststellingwerf is tongersdeitejûn opstapt. Neffens Welle wie der gjin betrouwen mear yn him en hat de gemeente gjin baat by "aangeschoten wild". Oanlieding is de diskusje oer de oanlis fan fjouwer fjilden mei sinnepanielen by Haulerwyk, Donkerbroek, Appelskea en Easterwâlde. Yn Easterwâlde binne bewenners net rjochtstreeks ynformearre oer de plannen en dêrtroch kamen sy ek net nei ynformaasjejûnen. De gemeenteried rekkene it de wethâlder swier oan en fûn dat er te lakonyk mei dy flater omgie.

Boppedat joech de wethâlder ferkearde ynformaasje oan de ried, as it giet om de perioade wêryn subsydzje krigen wurde kin. De wethâlder sei dat de skeppe foar 1 maaie de grûn yn moat, wylst yn de beskikking allinnich mar stiet dat de fjilden mei sinnepanielen op 31 maart 2018 klear wêze moatte. Benammen ek de fraksje fan syn eigen partij, de VVD, rekkene dat Welle swier oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)