Súdwest-Fryslân stoppet mei projekt kânsryk ûndernimmen

20 apr 2017 - 22:33

De gemeente Súdwest-Fryslân hâldt op mei it projekt kânsryk ûndernimmen. Tongersdeitemiddei krigen de lêste dielnimmers harren sertifikaat. Wurkleaze ynwenners fan de gemeente koenen mei it projekt help krije by it opsetten fan in eigen bedriuw. Sa krigen se seis moannen lang in wiidweidige training, wêryn't se alles leare koenen oer it runnen fan in eigen bedriuw.

Fyftjin dielnimmers hawwe it projekt mei sukses folbrocht, en sy krigen tongersdei dan ek harren sertifikaat. Under harren is Nathalie van der Meulen. Sy wol graach in skuonnewinkel opsette, en hat mei kânsryk ûndernimmen de earste grutte stappen nimme kind. Wol moat der noch it ien en oare barre foar't der echt in eigen ûndernimming op papier stiet en der jild mei fertsjinne wurde kin.

De gemeente hâldt op mei kânsryk ûndernimmen om't it finansjeel lestich te mjitten is wat it projekt opleveret. Dat kin pas nei meardere jierren besjoen wurde en dêrfoar wol Súdwest-Fryslân no de tiid nimme.Yn totaal hawwe sechstich minsken it trajekt trochrûn. Trijekwart fan harren hat ek yndie wat oan it projekt oerhâlden. Súdwest-Fryslân is al dwaande mei in oare foarm fan itselde projekt. Dat binne dan de saneamde startersgearkomsten. Hjir kamen op 12 april al tachtich belangstellenden op ôf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)