Walfisk yn Harns: fontein Kulturele Haadstêd presintearre

20 apr 2017 - 21:16

Harns krijt in walfisk yn de Willemshaven. It giet dan net om in echte walfisk, mar om in fontein fan achttjin meter lang. De walfisk moat foar de Suderpier komme te lizzen en is ûnderdiel fan it Eleven Fountainsproject fan Kulturele Haadstêd 2018. It ûntwerp fan de fontein waard tongersdeitejûn presintearre op in gearkomste yn de stêd.

De keunstners út Puerto Rico joegen fia skype tekst en útlis by harren ûntwerp. Der is keazen foar in walfisk om't it bist in bân hat mei de histoarje fan de stêd. Sa spile de walfiskfeart ea in rol yn Harns. It is de bedoeling dat de walfisk sa no en dan wetter spuitet út in gat boppe-op it bist.

(Advertinsje)
(Advertinsje)