Christiaan Triebert wint European Press Prize

20 apr 2017 - 20:18

Ald-Ljouwerter Christiaan Triebert hat de European Press Prize wûn. Dit is in belangrike ynternasjonale parsepriis. Triebert makke in artikel oer de kûppoging yn Turkije, ferline jier simmer. Dêryn brûkte er de whatsapp-petearen fan de kûpplegers om te sketsen wat him dêr allegear ôfspile.

Triebert is opgroeid yn Ljouwert en studearre Internationale Betrekkingen, politike filosofy en folge Midden-Eastenstúdzjes oan de Ryksuniversiteit Grins. Triebert makke it priiswinnende ferhaal foar it ûndersykskollektyf Bellingcat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)