Frachtwein mei sân kantele yn Jobbegea
By in iensidich ûngelok yn Jobbegea is tongersdeitemiddei in frachtweinbestjoerder ferwûne rekke. De frachtwein wie folladen mei sân foar wurksumheden yn it swimbad. Troch noch ûnbekende oarsaak bedarre it gefaarte op 'e kant.
De bestjoerder is hjirby ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer is.