FIDEO: Liet foar Kulturele Haadstêd ynsjonge

20 apr 2017 - 17:39

Nynke Laverman en it Noord Nederlands Orkest binne tongersdei úteinset mei it meitsjen fan in liet foar Kulturele Haadstêd. 'Seis oere thús' hjit it liet en it moat de tune wurde fan it evenemint yn 2018. De komposysje is fan Sytze Pruiksma en de tekst is fan Nynke Laverman. Sebastiaan Koolhoven fan it NNO hat der in orkestarranzjemint by makke. It liet wurdt songen troch Nynke Laverman. Neffens har giet it liet oer de takomst en oer foarútsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)