Hierhuzen op It Hearrenfean wurde ferfongen troch nijbou

20 apr 2017 - 17:29

Wenningkorporaasje WoonFriesland sloopt takom jier 52 huzen op It Hearrenfean. Dy wurde ferfongen troch nijbou. It giet om huzen yn de Tjerk Bottemastrjitte, de Piet van der Hemstrjitte, de Vermeerstrjitte en de Van Goghleane, yn Hearrenfean-Midden. In romme mearderheid fan de minsken dy't der wenje is it iens mei de plannen, seit WoonFriesland.

De minsken dy't nei de sloop en de nijbou werom wolle, meie meiprate oer hoe't it hûs der fan binnen en bûten út komt te sjen. Foar minsken dy't net werom wolle, wurdt in oare oplossing socht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)