Van Aken komt rest fan seizoen net mear yn aksje

20 apr 2017 - 17:09

Ferdigener Joost van Aken fan SC Hearrenfean is de rest fan dit seizoen útskeakele. Hy wurdt sneon operearre oan syn ankel. Syn plak wurdt freed yn de wedstriid tsjin Willem II nei alle gedachten ynnaam troch Wout Faes. Martin Ødegaard begjint yn de basis. Hy begjint op de rjochtsbûtenposysje. Dat giet ten koste fan Luciano Slagveer. Jeremiah St. Juste is wol fit genôch.

Hearrenfean is yn striid om in plak yn de play-offs foar Europeesk fuotbal. Hearrenfean moat by de earste njoggen einigje. Hearrenfean stiet achtste mei fjouwer punten mear as Willem II, de tsjinstanner fan freed en de nûmer tsien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)