Undersyk nei meartaligens en sûn âld wurde

20 apr 2017 - 16:43

Wurde minsken dy't meardere talen prate sûner âld? Dat ûndersiket de Ryksuniversiteit Grins (RUG). Minsken dy't mear as ien taal prate, soene minder gau ferjitlik wurde en sels rapper herstelle fan in hertynfarkt. Foar it ûndersyk is de universiteit op syk nei âlderein dy't njonken it Nederlânsk ek in oare taal of dialekt praat, sa as bygelyks it Frysk, Grinslânsk, Drintsk of Dútsk.

Ferâldering

"Het is aangetoond dat het spreken van meerdere talen goed is voor het brein op oudere leeftijd. Zo zal men minder snel tekenen van dementie vertonen", seit ûndersiker Anna Pot fan de RUG. "De reden hiervoor is dat meertaligen in hun brein verschillende talen niet zomaar uit kunnen zetten. Wanneer iemand een bepaalde taal spreekt, moet een andere taal onderdrukt worden. Hun brein is mogelijk beter getraind in het omgaan met cognitieve veroudering."

Pot en har kollega's sille no ûndersykje oft meartaligens yn it Noarden fan Nederlân in positive ynfloed hat op de (kognitive) sûnens.

Fragelist

Minsken âlder as 65 jier kinne harren online of telefoanysk opjaan foar it ûndersyk. Se krije dan in fragelist mei fragen oer taaleftergrûn, sûnens, libbenskwaliteit en sosjale netwurken. 

(advertinsje)
(advertinsje)