65 kilo kokaïne tusken de tsiis: twa Ljouwerters oppakt

© Openbaar Ministerie
Yn Hoek van Holland is earder dizze moanne 65 kilo kokaïne fûn yn de auto fan twa Ljouwerters. It giet om in man fan 45 en in frou fan 50, dy't mei de auto tsiis nei Ingelân brochten. By in kontrôle waarden de drugs fûn yn in ferburgen romte.
De man en frou binne fêstset foar fierder ûndersyk. De drugs, mei in wearde fan goed oardel miljoen euro, binne ferneatige.