Studinten Friese Poort krije les yn keuken Antoniussikehûs

Hurd wurkje yn de keuken © ANP
De hoareka-opliedingen fan ROC Friese Poort en it Antoniussikehûs yn Snits sille gearwurkje op it mêd fan iten. De studinten krije les fan de koks, de diëtisten en oare meiwurkers fan it sikehûs. Se krije ek praktyklessen en se rinne staazje yn de sikehûsrestaurants en yn de keuken.
It itensieden yn in grutte ynstellingskeuken heakket neffens de Friese Poort moai wat ta oan it lesprogramma, en dat jildt ek foar it itensieden mei it each op ferskillende diëten. Studinten leare sa ek dat der mear is as allinne itensiede yn hotels en restaurants.