Himpkwekerij yn ferhierd hûs: sechstich oeren wurkstraf

(foto as yllustraasje) © Facebook Plysje Ljouwert en omkriten
In frou út Drachten hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen om't se in himpkwekerij yn har hûs hie. Se hie dy kwekerij net sels opset. Dat hie in man dien dêr't se har hûs oan ferhierd hie. Mar de rjochter fûn dat se folle kritysker wêze moatten hie oer oan wa't se har hûs ferhierde.
Se hie de man better yn de gaten hâlde moatten. De man dy't de kwekerij opset hat, is nea fûn.