Lêste 60.000 euro socht foar opknapbeurt tsjerke Lollum

20 apr 2017 - 14:36
Foto: Google Streetview

De Stifting Doarpstsjerken Lollum en Waaksens is op syk nei de lêste 60.000 euro foar de restauraasje en werynrjochting fan de Hubertustsjerke yn Lollum. De eardere herfoarme tsjerke fan it doarp is heechnedich ta oan in opknapbeurt. Dat kostet yn totaal 400.000 euro en hjirfan is it grutste part al dekt troch subsydzjes, fûnsen en partikuliere jeften. Foar it lêste part wurde no publykslieningen útskreaun. Minsken kinne dêrmei in hegere rinte oer harren sparjild krije as by de measte banken. Foardiel is neffens de stichting ek dat it jild fan de liening folslein ynvestearre wurdt yn in projekt dat goed is foar de regionale wurkgelegenheid.

De Hubertustsjerke yn Lollum is fierwei it âldste gebou fan it doarp. It is in tsjerkje út de Romaanske bouperioade en dêr binne der yn it westen fan Fryslân noch mar in pear fan.

(advertinsje)
(advertinsje)