MER advisearret ûndersyk nei lûd fan crossers by Prikkedaam

Motorcrosser © ANP
De mooglike lûdsoerlêst fan it motorcrossen by Prikkedaam moat as earste ûndersocht wurde yn in miljeu-effektrapportaazje. Dat seit de kommisje MER, yn opdracht fan de gemeente Eaststellingwerf. Dy is dwaande mei it bestimmingsplan foar it gebiet by Makkingea.
As de motorcrossers harren aktiviteiten hâlde kinne binnen de lûdsnoarmen, kin der folfolchûndersyk komme nei bygelyks it ferkear en loftfersmoarging. De gemeente Eaststellingwerf makket op basis fan dit advys in rapport, dat as basis tsjinnet foar in bestimmingsplan foar Prikkedaam.
It motorcrossterrein op Pikkedaam is al mear as 25 jier ûnderwerp fan diskusje. Motorcrossers wolle it iepenhâlde, tsjinstanners wolle it slute fanwege lûdsoerlêst.