Hinneboer Bakker bliid mei opheffing ophokplicht

Bliidskip by boer Bakker fan It Heidenskip en syn hinnen. Nei fjouwer moannen meie de bisten wer nei bûten. Se moasten salang binnen bliuwe fanwegen it gefaar op fûgelgryp. Omdat se dat binnensitten net wend binne, ûntstie der stress by de bisten en begûnen se opinoar yn te pikken. As ôflieding hie Bakker strie op de flier en beamstammen dêr't de hinnen op ompikke koene.
Boer Bakker hat sa'n 11.000 hinnen en sjocht de takomst dochs net hielendal sûnder soargen. "Ik tink dat de druk fan de fûgelgryp altyd wol wat bliuwe sil en nea ferdwine sil." Hy sil der alles oan dwaan om fûgelgryp foar te kommen. "Wy moatte goed hygiëne hâlde en ûntsmette foardat we it hok yngean. En as it der is, dan tink ik dat de hinnen binnen better ôf binne."