Paviljoen Badhuys ferhuze nei nij plak op strân Flylân

20 apr 2017 - 13:11

Twaentweintich jier hat strânpaviljoen 't Badhuys tsjinst dien op Flylân, mar troch strangere regels fan Rykswettersteat is der no in nij paviljoen foar yn it plak kaam. Fuort achter it âlde Badhuys is in nij restaurant boud, folle grutter en mei mear plak. Rykswettersteat, dy't de dunen op it eilân yn 'e gaten hâldt, konstatearre dat der te min oangroei is fan nije dunen efter it âlde Badhuys.

En dus moast der yngrepen wurde, om't de dúnkearing der foar soarget dat it eilân drûge fuotten hâldt. "Het is een primaire waterkering geworden, daardoor moet het zand op peil blijven. Als er dan een obstakel staat, dan kan de duin niet aangroeien," sa seit Jan Roelof Witting fan Rykswettersteat.

Heechste fan Nederlân

It strânpaviljoen moast 7 meter fierder it strân op. "De marge was 7 meter, nu het Badhuys 10 meter verschoven is, zijn er geen problemen meer." Mar fierder it strân op bestjut ek heger op de poaten, 4,5 meter boppe NAP, want oars strûpt by in stoarm alles ûnder. En dat bestjut dat it fonkelnije restaurant no ien fan de heechste fan Nederlân is. Manager Leon Westers is wiis mei it nije plakje. "Het is de plek die het hem doet, dat was zo en dat zal altijd zo blijven. We zijn trots op het nieuw gebouwde Badhuys," seit Westers.

Folle grutter

Wie it foarige Badhuys noch 650 fjouwerkante meter, it nije Badhuys hat in omfang fan 1.000 fjouwerkante meter. Eilânbewenners reagearje oer it generaal posityf op it nije strânpaviljoen, al binne der ek soargen. Guon fine dat it te grut te wurden is. Oaren sizze júst dat it goed foar it eilân is dat der in 'nij' strânpaviljoen bykomt. It Badhuys is ûnderdiel fan Westcord Hotels, fan de hoareka-ûndernimmer Harry Westers. It 'âlde' Badhuys stie der sûnt 1995 en wie it earste strânpaviljoen fan Nederlân dat tastimming krige om permanint stean te bliuwen.

Trefwurden: 
Badhuys Flylân 't Badhuys
(Advertinsje)
(Advertinsje)