Cambuur giet foar twa prizen

20 apr 2017 - 12:46

Cambuur kin freed yn de thúswedstriid tsjin RKC Waalwijk twa prizen pakke. By winst wurdt Cambuur definityf "best of the rest" en hat dan it bêste skema yn de play-offs. Winst betsjut ek dat de Ljouwerters de fjirde perioade pakke. Yn dy perioade stiet Cambuur yn punten lyk mei De Graafschap fan Henk de Jong en Sandor van der Heide. Beide ploegen hawwe 19 punten, mar it doelsaldo fan Cambuur is better: Plus 16 om plus 10.

Opstelling

De seleksje fan Cambuur is sa goed as foslein fit. Trainer Sipke Hulshoff woe noch gjin opstelling jaan, mar dy sil net in protte oars wêze as yn de wedstriid fan ferline wike tsjin Telstar.

Mooglike opstelling Cambuur: Zeinstra; Peersman, Schilder, Steenvoorden, Van Deelen; Monteiro, Van de Streek, Bakker; Lilipaly, Hoefdraad, Tissoudali.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)