Flinke subsydzje foar Fryske kultuer- en natuerprojekten

20 apr 2017 - 11:38
Foto: Youtube

It Prins Bernhard Cultuurfonds Fryslân hat yn it earste fearnsjier fan dit jier goed 138.000 euro jûn oan 53 kultuer- en natuerprojekten yn de provinsje.

Sa giet der dik 31.000 euro nei de Organisatie van Muziekverenigingen in Fryslân (OMF) foar de dielname fan 21 Fryske muzykferienings oan it wrâld muzyk konkoers yn july yn Kerkrade.

De Stichting Beekdallandschap Koningsdiep De Nije Boarn krijt 5.000 euro foar it projekt De Tocht. Dat is in bustocht by de doarpen fan it Koningsdiep/De Nije Boarn del mei ien of mear foarstellingen. Der wurdt ek in kuierrûte-app makke.

Fierder giet der 5.000 euro nei de Stichting City Proms foar it jeugdorkestefestival.

(Advertinsje)
(Advertinsje)