Ljouwerter gamestudio suksesfol mei nij spultsje

20 apr 2017 - 11:06

It mobile spultsje Uphill Rush fan de Ljouwerter gamestudio Triangle Studios is populêr. It spultsje foar Android en Apple is al mear as seis miljoen kear download en alle dagen komme der seker hûnderttûzen spilers by, meldt it bedriuw. Direkteur Remco de Rooij fan Triangle Studios hie it sukses net ferwachte. "We wisten dat we met Uphill Rush een specifieke doelgroep zouden aanspreken die tot op heden niet werd bediend, maar een succes als dit hadden we nooit kunnen voorspellen! Het is een ongelooflijke prestatie van ons team en we kijken elke dag met veel trots naar de statistieken als we zien dat het spel honderdduizenden keren wordt gedownload tot in alle uithoeken van de wereld."

Yn Uphill Rush moatte spilers oer allegear glydbanen glydzje en tsientallen stunts úthelje om in sa heech mooglike skoare te heljen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)