Frachtwein blokkearret Drachtsterbrêge nei oanriding

20 apr 2017 - 10:48
Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

By de Drachtsterbrêge yn Ljouwert wiene der tongersdeitemoarn problemen foar it ferkear dat de stêd yn woe. In frachtwein klapte op in auto en kaam dêrtroch dwers op de dyk te stean. Twa rydstroken wiene blokkearre en dat soarge foar opûnthâld foar it ferkear. Der binne gjin persoanen ferwûne rekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)