Kollum: "Tink om de bern"

20 apr 2017 - 08:55

“Wat rydst do… eh netsjes..” sei myn broer. Ik siet efter it stjoer fan myn auto, hy siet neist my, en efter my siet syn soantsje fan ien yn in bernestuoltsje. We rieden fan Snits nei De Jouwer, ûnderweis nei de Rânestêd, dêr’t wy beiden wenje.

Noch net earder hat der in bernesitsje yn myn auto sitten. Ik wist fuortendaliks wêr’t myn broer it oer hie. Want justermoarn wiene wy al betiid op 'en paad gien nei Fryslân. En de earste kilometers ried ik as in âld wiif. Ik wie my hyperbewust fan dat jonge bysûndere libben op de achterbank, dat alles beneamt dat foarby komt: vrachtauto, boot, molen. Ik ried sa foarsichtich, doarde it gaspedaal mar amper oan te reitsjen.

We ha juster oan it wurk west yn de tún fan it nije hûs fan ús suske, har man en twa lytse bern. Se komme yn Snits te wenjen, en yn de tún siet in joekel fan in fiver. Dat is net sa handich mei lytse bern. Dus feitlik wie ik de hiele dei drok mei de takomst fan de jonge bern.

Sa kaam it dat ik in pear oeren lang stiennen fersleepte, grûn mei planteguod fuortskepte en mei myn stedske learskes yn de blabber stie. It doel wie om de fiver leech te krijen en om it plestik seil út de fiver te heljen. En dat gong net sa maklik.

Yn Fryslân, en foaral dêr by Snits, is it allegearre wetter. Mar it falt dus noch net ta om wetter yn de eigen tún te hâlden. Want wat is dêr in bulte plestik by brûkt. Trije lagen. En wat in wrotterij om dat der wer út te krijen.

En dat plestik wie noch net alles. Der lei in slange yn mei in pomp, dy’t der foar soarget dat it wetter in bytsje streamt. Der lei in oar slankje yn dêr’t soerstof mei yn it wetter brocht waard. Dat moat allegearre wer stroom ha, en 24 oeren deis, 365 dagen yn it jier.

Mar dan hast ek in miny Snitser Mar efter hûs. Of dochs net. Want der leine rûnom grutte stiennen. Fan it soarte dat we net yn Fryslân oantreffe. Soks komt fan heech op de rivieren, en is allegearre nei Snits sleept. Dat hat ek wer in fermogen oan disel koste, want dy kringen binne net te huffen, kin ik dy no fertelle. Dat bytsje natuer yn dy tún hat aardich wat natuer koste. Seker ast myn rêch ek meirekkenest as natuer.

Keapje dan in hûs oan in sleat, sei ús mem.

Wat in binde. En dy ytlike kilo’s plestik gean no nei it stoart, of de ferbrâningsoven. Wat in fersmoarging foar in bytsje wetter yn ’e tún.

Ik probearje yn myn libben in bytsje oan it miljeu te tinken. Ek dat doch ik foar ús bern. Kurieus is dan wol wer dat ik der sels net ien ha, mar dat is dan wol wer hiel goed foar it miljeu!

Jûns ûnderweis werom, yn ‘e auto rieden we flakby de rotonde fan De Jouwer. Grutte fluoressearjende buorden ferbiede al gau om hurd te riden. It wie jûn en der wie gjin kop op ‘e dyk. Ik gong gefoelsmjittich as in slak, fûn ek myn broer. Jo meie dêr mar bespotlik sunich ride. Mar ik die it. Want ja, dat mantsje op de efterbank. Ik tocht de hiele tiid oan him; ik moast der net oan tinke dat der wat troch myn skuld mei him barre soe.

Doe, flak foar de rotonde, krigen we in flitser yn it each. In plysjeman stie mei in lasergun te kontrolearjen. Ik ried kreas santich. Ik betanke stil dat mantsje op de efterbank. De bern tinke blykber ek al oan mij."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)