Nynke en Anne Marije winne foarlêswedstriid Read2Me!

Nynke de Jong en Anne Marije Methorst binne de foarlêskampioenen © Sandra Kooistra
Nynke de Jong fan skoallemienskip Comenius út Ljouwert is foarlêskampioen wurden fan alle earstejiers fan it fuortset ûnderwiis yn de provinsje. Dat waard woansdeitejûn dúdlik by de finale fan de foarlêswedstriid Read2Me! yn Neushoorn yn Ljouwert. De wedstriid is organisearre troch de biblioteken yn gearwurking mei de middelbere skoallen yn Fryslân.
Yn de finale stiene tsien kandidaten. Winner Nynke de Jong lies foar út it boek 'Haat' fan Mel Wallis de Vries. Se hat in beker en in boekebon wûn en giet no troch nei de lanlike finale op 13 maaie yn Nieuwegein. De twadde priis gie nei Martijn Hindriks fan it Stellingwerf College yn Easterwâlde, in dield tredde plak wie der foar Lara Hardinge fan skoallemienskip Bogerman yn Snits en Christiaan Boschma fan OSG Singelland yn Burgum.
Anne Marije Methorst fan de NHL út Ljouwert is de PABO-foarlêskampioen wurden. Sy sil Fryslân fertsjintwurdigje op de lanlike PABO-finale yn Amsterdam op 1 juny.