Helte stellen kolleksje Aerden Plaats weromfûn yn sleat

Museum de Aerden Plaats yn Aldebiltsyl hat de helte fan de yn 2016 stellen kolleksje wer werom. Ferline jier waarden flak foar Pinkster de fitrines yn de Aerden Plaats leechrôve. De bút bestie doe benammen út archeologyske opgravingen lykas munten, krûkjes, fleskes en oar diggelguod. Ek apparatuer sa as in dvd-spiler, boeken en skilderijen waarden stellen. De keunstskatten binne weromfûn yn in sleat by in boskje flakby Aldebiltsyl.
Plestik pûden
It museum kaam it guod op it spoar trochdat in jonkje by it boartsjen in âlde krûk fûn. De mem fan dat jonkje warskôge de Aerden Plaats. It museum gie op ûndersyk en fûn doe noch folle mear guod, sa as alle stellen munten yn trije plestik pûden. It museum hat noch net alles wer werom, mar giet wol fierder mei de speurtocht.
Spoare-ûndersyk
Ek de plysje is wer dwaande mei it ûndersyk nei de stellerij, ûnder oare yn de foarm fan spoare-ûndersyk op de saken dy't wer werom fûn binne. It diggelguod en de munten dy't wer weromfûn binne, binne foar it grutste part yn goede steat, mar de stellen dvd-spiler docht it net mear en in antikwarysk boek is ek slim skansearre. De Aerden Plaats mist noch in stikmannich skilderijen, mar giet der fan út dat dy net yn in sleat lizze sille.
Alaarmynstallaasje
Nei de grutte ynbraak fan ferline jier hat de Aerden Plaats in alaarmynstallaasje oantúgd. Dat hat holpen, want yn maart mislearre in ynbraak yn it museum. De plysje koe doe ek in dieder oanhâlde, in 25-jierrige man fan It Bilt. It is net dúdlik oft dizze man wat te krijen hat mei de stellerij fan ferline jier.