VC Snits hieltyd tichterby kampioenswedstriden

De follybalsters fan VC Snits binne tichtby it spyljen fan de kampioenswedstriden. Troch in 3-2 oerwinning op Alterno is Snits opklommen nei it twadde plak. Dat is genôch om oan de ein fan de kompetysje yn twa wedstriden tsjin Sliedrecht Sport te striden om it Nederlânsk kampioenskip.
Drege wedstriid
Snits wûn yn de eigen sporthal mei 3-2 fan Alterno út Apeldoorn. De earste set begûn dreech, mar nei in 8-3 efterstân kaam Snits goed werom en sels mei 2 punten foar. Alterno wûn de set mei 25-19. Boppedat rekke Janieke Popma blessearre. Ek de twadde set begûn hiel min. Oant 16-16 hie Alterno hieltyd in grutte foarsprong. Dochs wûn Snits mei 25-20. De tredde set wie spannend. Snits krige trije setpunten, mar Alterno wûn dochs mei 29-27 de set. Snits twong dochs in fyfde en beslissende set ôf. De fjirde set gong mei 25-22 nei Snits. De lêste en beslissende set begûn Snits goed troch mei 3-0 foar te kommen. Dy foarsprong joegen sy net mear fuort en de lêste set gong mei 15-10 nei VC Snits. It is al wer de tredde wedstriid op rige wêryn't Snits nei efterstân dochs mei 3-2 wint.
Kampioenswedstriid tichterby
Sawol Snits as Set Up '65 hawwe no noch ien wedstriid te gean. Set Up út Ootmarsum spilet sneontejûn tsjin Alterno. As se net winne, is Snits al wis fan it twadde plak. As Set Up sneon wint, dan moat Snits snein tsjin Flamingo's, de nûmer fiif fan de kompetysje. As Snits dy wedstriid wint - ek al is it yn fiif sets - dan is Snits wis fan it twadde plak en dus de striid om it Nederlânsk kampioenskip.
Stân yn de kampioenspûl mei noch ien wedstriid te gean:
1 Sliedrecht Sport 9-28
2 VC Snits 9-20
3 Set Up '65 9-19