"Fiif beammen ferrinnewearje tsjerke op It Amelân"

19 apr 2017 - 22:03

Op It Amelân is spul oer beammen by in tsjerke dy't foar skea soargje. Troch de beammen kin de sinne net by de herfoarme tsjerke yn Nes komme. Sa wurdt it tsjerkegebou in broeinêst foar skimmel. It kolleezje fan tsjerkerintmasters wol de beammen fuort hawwe en hat dêr ek in fergunning foar oanfrege by de gemeente. Mar dy nimt harren net serieus, sizze se.

De gemeente wol fjouwer fan de fiif beammen stean litte. Dat is de tsjerkerintmasters net nei it sin. Dêrom tekenje se beswier oan. Freed is der in harksit oer de kwestje. Oant de beswierkommisje in útspraak dien hat, wol de gemeente Amelân net reageare.

Trefwurden: 
It Amelân tsjerke
(Advertinsje)
(Advertinsje)