Theo Joosten nije foarsitter CDA Fryslân

19 apr 2017 - 21:44
Theo Joosten - Foto: Harry van der Molen, Twitter

Theo Joosten folget mei yngong fan 1 desimber Bert Kuiper op as foarsitter fan it CDA Fryslân. Joosten is no foarsitter fan de Ljouwerter ôfdieling fan it CDA. Hy wol earst de gemeenteriedsferkiezingen fan novimber achter de rêch hawwe foar't er oergiet nei de provinsjale CDA.

Joosten (1948) hat in soad ûnderfining mei bestjoeren. Oant syn pensjoen wie er foarsitter fan de lanlike Bond van Katholiek Basis Onderwijs. Hy begûn syn karriêre yn 1971 as master oan in skoalle yn Eelde. Yn 1980 kaam er nei Ljouwert. Dêr waard er direkteur fan in nije roomske basisskoalle yn Camminghabuorren. Joosten beskikt oer in breed netwurk, regionaal, likgoed as yn Den Haag.

(Advertinsje)
(Advertinsje)