Provinsje wol gjin nije dyk tusken Ljouwert en Snits

19 apr 2017 - 21:25

De Fryske Steaten binne yn grutte mearderheid tsjin de komst fan in nije dyk tusken Ljouwert en Snits. Utsein de VVD en de PVV wolle de steateleden dat de provinsje ynset op it feiliger meitsjen fan de N354 sa't dy der no hinne leit. Op dy dyk binne de lêste tiid in soad ûngelokken bard.

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân stelde earder foar om in rjochte dyk oan te lizzen, miskien wol njonken it spoar. Sa wol er de reistiid tusken Snits en Ljouwert ferkoartsje. Mar steateleden hawwe harren manmachtich tsjin it plan keard.

Earder kamen der ek al negative reaksjes út de doarpen en út de hoeke fan natuerbeskermingsorganisaasjes. Deputearre Poepjes sil ûndersykje litte wat de bêste maatregels binne foar de besteande dyk. Se seit dat de ûngelokken foaral komme omdat autobestjoerders ynhelje op plakken dêr't it net kin en troch it brûken fan de mobilie tillefoan ûnder it riden. Der sil stranger kontrolearre wurde moatte, seit Poepjes.

(advertinsje)
(advertinsje)