De Rouwe: Provinsje fertsjinnet jild wynpark Fryslân werom

19 apr 2017 - 20:34

De provinsje sil de ynvestearring fan 127 miljoen euro yn it Wynpark Fryslân folslein werom fertsjinje. Dat seit deputearre Sander de Rouwe. Provinsjale Steaten besleaten woansdei om 127 miljoen te stekken yn in nij wynpark foar de kust fan Makkum yn de Iselmar.

De Rouwe ferwachtet dat it park mei 89 wynturbines fan 95 oant 120 meter heech goed draaie sil. Wynpark Fryslân sil ein 2020, begjin 2021 klear wêze en sil sa'n 320 megawatt wynenerzjy leverje. Dat is in grut part fan de 530,5 megawatt dy't Fryslân fan 2020 ôf leverje moat fan it ryk.

Net elkenien stie achter de provinsjale ynjeksje fan 127 miljoen euro. De PVV, de Partij voor de Dieren en 50Plus stimden tsjin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)