Oanfraach monumintestatus foar Himpensermarpolder

19 apr 2017 - 20:10

Steatsboskbehear Fryslân en de Monumintestichting Boarnsterhim hawwe woansdei tegearre de gemeentlike monumintestatus oanfrege foar de Himpensermarpolder flak ûnder Ljouwert. It drûchmeallen fan de Himpensermar yn 1784 is neffens de inisjatyfnimmers ien fan de âldste en bêst bewarre drûchmakkerijen fan Nederlân.

De monumintestichting Boarnsterhim wol de polder fan 90 hektare graach better ûntslute foar publyk, oer lân likegoed as oer wetter. In útsjochtoer flakby de polder moat it publyk de kâns jaan om te sjen hoe bysûnder oft it gebiet is. 

Seizen

De polder is yn de achttjinde iuw ferdield yn rjochte stikken fan seis pûnsmiet (2,2 hektare), dy't seizen neamd wurde. Elk stik lân hat in eigen fjildnamme, lykas de bargehokseize, de paadseize en de Epkeseize. Dy oarspronklike yndieling yn seizen hat de Himpensermar noch hieltyd en dat is neffens de Monumintestichting Boarnsterhim unyk. De Monumintestichting Boarnsterhim wol dêrom noch wol fierder gean as de gemeentlike monumintestatus. De stichting beskôget de gemeentlike monumintestatus as in mooglike opstap rjochting de UNESCO-wrâlderfguodlist. 

Wethâlder yn heechwurker

De nije Ljouwerter wethâlder Jan Atze Nicolai fan PAL/GrienLinks naam de oanfraach foar de gemeentlike monumintestatus woansdei yn ûntfangst. It wie Nicolai syn earste represintative hanneling yn syn funksje as wethâlder. Nicolai trof it, want hy mocht yn in bakje fan in heechwurker 30 meter de loft yn om de drûchmakkerij fan boppen te besjen. De earste yndruk fan Nicolai wie posityf. Hy fynt de Himpensermarpolder in treflik foarbyld fan natuer-ynklusive lânbou mei folop romte foar blommen en greidefûgels. Sa'n geve drûchmakkerij sa ticht by de stêd fertsjinnet mear omtinken, is Nicolai fan betinken. 

Peareltsje

Twa boeren pachtsje lân fan Steatsboskbehear om it gers te meanen en dêr fee rinne te litten. Neffens distriktshaad Jesler Kiestra fan Steatsboskbehear bliuwt dat sa, ek as it gebiet de status fan gemeentlik monumint krijt. Kiestra neamt de Himpensermarpolder 'in peareltsje', dat goed bewarre bliuwe moat. It is neffens har in grutte útsûndering dat Steatsboskbehear in gemeente om de monumintestatus freget, mar de Himpensermarpolder is it wurdich, sa is Kiestra fan betinken. 

(advertinsje)
(advertinsje)