NHL-studinten kommunikaasje meitsje 25 doarpsfilmkes

19 apr 2017 - 18:33

Der binne 25 doarpen yn Fryslân dy't woansdei besite krigen hawwe fan kommunikaasjestudinten. Sa'n 150 learlingen fan dy oplieding meitsje filmkes yn de doarpen. Dêryn wolle de studinten útlizze wat de krêft is fan it doarp dêr't se filmje. Net elk doarp is geskikt: it plak mei maksimaal trijetûzen ynwenners hawwe. De opnamen wurde úteinlik bondele en oanbean oan it Fries Film Archief. 

De filmkes wurde tongersdeitejûn fertoand op it filmfestival Doarpskrêft yn it gebou fan hegeskoalle NHL yn Ljouwert. In faksjuery kiest de bêste produksje út en der is ek in publykspriis. It festival begjint om sân oere. Fan freed ôf binne de opnamen te sjen op YouTube.

Trefwurden: 
NHL doarpsfilm studinten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)