Fjouwer tips foar in lokkich knyn

19 apr 2017 - 18:45

Kninen, in protte minsken hawwe se thús. By de ien huppelje se troch de tún, mar by in oar sitte se yn in lyts hokje. In protte kninen binne ‘dea-ûnlokkich’,  sa waard woansdei bekend. Mar hoe meitsje jo jo knyn no wól lokkich? Ype Stielstra fan Dionastate yn Stiens hat fjouwer tips foar dy!

"It bêste is yn alle gefallen in royaal ferbliuw. Mei it leafst twa of mear oare kninen yn it hok. Ek is it belangryk dat de bistjes wat ôflieding hawwe. Dan kinst tinke oan bygelyks wat strie of hea yn in hoeke dêr’t sy op klimme kinne of in blok hout of sa."

"Fretten is ek hiel wichtich foar in knyn. Foaral ôfwikseljend iten en net te folle gekke dingen binne wichtich. Gewoan normaal fretten lykas basisbrokjes, mar kinst ek goed mingd foer brûke."

"Ast in knyn yn ’e hûs hast, is foaral in royale koai belangryk. De koai moat yn alle gefallen sa grut wêze dat it knyn der sa’n twa of trije kear yn past. Ek is de hichte belangryk. Se moatte de romte hawwe om te bewegen en te springen. It is in springbist, net in krûper. Se moatte harren enerzjy kwyt kinne. Dat is hiel belangryk."

In maatsje foar dyn knyn is dus hiel wichtich, mar hoe soargest derfoar datst net nei in healjier in nêst fol hast?

"Kinst it bêste efkes freegje, by it plak dêr’tst it knyntsje keapest, oft it in mantsje of in wyfke is. En ast twa mantsjes of twa wyfkes hast, dan komme dêr faak gjin jongen fan, sa ast miskien wol begrypst. Mar ast in mantsje en in wyfke by-inoar hast, dan is it by kninen faak showtime."

Trefwurden: 
kninen Doniastate
(advertinsje)