FIDEO: Team Visser makket him klear foar de Caravanrace

Keningsdei, op dy dei stiet der yn Blauhús mar ien fraach sintraal: Wa wurdt de King of Dirt? Oftewol, wa wint de Kings Battle. Speedway Blauhús stiet tongersdei 27 april wer fol mei racefanatisy foar dy spektakulêre races en Omrop Fryslân is dêr live. Yn de oanrin nei dat barren komme wy alle dagen mei in portret fan in racer. Hjoed folgje wy: Team Visser.
Team Visser racet op de Kings Battle mei oan de Auto Rodea, FAC 1600 en de caravanrace. Arjen Visser sil op 27 april op folle toeren mei de caravan oer it parkoers yn Blauhús race.

Mear ynformaasje is te finen op Omropfryslan.nl/racing. De Kings Battle races binne op tongersdei 27 april live fan 13.00 oant 18.00 oere op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Jûns om 18.20 oere, en dêrnei alle oeren, is in kompilaasje hjirfan te sjen.