Top Secret Drum Corps komt op Proud on Stage

De drumband Top Secret Drum Corps út it Switserske Basel komt yn oktober nei Ljouwert. It is de haadact fan de twadde edysje fan it evenemint Proud on Stage. Dat is de opfolger fan de Ljouwerter Taptoe. Yn 2014 hold de Taptoe der mei op. De finânsjes kamen net mear rûn. Ynternetfilmkes fan it Top Secret Drum Corps binne al miljoenen kearen besjoen. Okkerdeis hie de band noch in optreden yn de Royal Albert Hall yn Londen.
Spektakel
"Het is fantastisch dat we deze topact weer naar Leeuwarden hebben kunnen halen", seit artistyk lieder Piet van Houten fan Proud on Stage. "Het belooft een uniek optreden te worden. Top Secret staat garant voor spektakel."
Elske DeWall
Elske DeWall, It Ljouwerter Pasveerkorps en Advendo Snits sille ek optrede op Proud on Stage. En de dûnsgroep Avant Garde Collective is ek ûnderdiel fan it programma. Dy groep wûn it tv-programma Battle on the Dancefloor. "Het is een van de meest toonaangevende dansgroepen van Nederland" seit Van Houten.