Wat wolle ynwenners fan Dantumadiel fan nije boargemaster?

19 apr 2017 - 15:53
Sicko Heldoorn

De gemeente Dantumadiel wol mei twa ynrinjûnen achterhelje hoe't de ynwenners tinke oer de nije boargemaster. Op dit stuit is Sicko Heldoorn noch waarnimmend boargemaster fan Dantumadiel. No't dúdlik is dat de gemeente selsstannich fierder giet, kin der lykwols in fêste boargemaster beneamd wurde. Ynwenners meie sizze watfoar man of frou dat wurde moat. De earste gearkomste dêroer is op 3 maaie yn Feanwâlden. Op 8 maaie is de twadde gearkomste yn Wâlterswâld.

De winsken fan de bewenners wurde meinaam by it opstellen fan de profylskets foar de nije boargemaster. Dy wurdt op 18 maaie oanbean oan de kommissaris fan de Kening, Arno Brok. It is de bedoeling dat de nije boargemaster fan Dantumadiel yn novimber fan dit jier begjint.

(Advertinsje)
(Advertinsje)