Steaten akkoart mei miljoenen foar Wynpark Fryslân

19 apr 2017 - 15:53

Provinsjale Steaten fan Fryslân gean akkoart mei in ynvestearring fan 127 miljoen euro yn Wynpark Fryslân foar de Fryske kust yn de Iselmar. Leden fan de measte partijen tinke dat de Fryske doelstellings foar duorsume enerzjy sa it bêste helle wurde.

89 Wyntubines fan 120 meter heech

Yn de Iselmar wurde 89 wynturbines fan 95 oant 120 meter heech pleatst. Dat smyt op jierbasis sawat 320 megawatt oan wynenerzjy op, genôch foar 340.000 húshâldens yn in jier.

Wurkgelegenheid

Steateleden stelle wol easken oan de provinsjale ynvestearring. Sa moat it takomstige rendemint nei de Fryske befolking ta gean. Doarpen soene bygelyks obligaasjes krije kinne moatte yn it wynpark. Dêrnjonken moat it wynpark direkte wurkgelegenheid opsmite oan de Iselmarkust.

Te djoer en skealik foar natuer

De PVV en de Partij voor de Dieren binne poer op de provinsjale ynvestearring tsjin. De PVV is tsjin wynenerzjy. It kostet in slompe jild en it smyt yn ferhâlding te min op, seit fraksjefoarsitter Max Aardema. Rinie van der Zanden fan Partij voor de Dieren is foaral benaud foar de skealike effekten foar de natoer yn de Iselmar.

Betingsten

De grutste opposysjepartij PvdA stipet it stekken fan jild yn it wynpark, mar stelt ek betingsten. De dielname oan it wynpark moat ek folgjende generaasjes rendemint opsmite. Fraksjefoarsitter Remco van Maurik fynt dat de provinsje ek ynvestearje moat yn sinnepanielen en it duorsum meitsjen fan besteande huzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)