GPTV hâldt op mei telefyzje-útstjoeringen

De Fryske regionale telefyzjestjoerder GPTV hâldt ein dizze moanne nei goed tweintich jier op mei de útstjoeringen. Neffens de direksje kin it meitsjen fan de programma's net mear út.
GPTV begong yn 1996 yn de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel en It Bilt. Yn de rin fan de jierren waard it útstjoergebiet hieltyd grutter. In pear jier lyn ferhuze GPTV fan Harns nei de Blokhúspoarte yn Ljouwert.
Neffens GPTV is it tal advertearders de lêste jierren hieltyd fierder ôfnommen, ûnder oare troch de ekonomyske krisis, mar ek omdat mear advertearders kieze foar ynternet of sosjale media.
Gerstel Producties bliuwt wol bestean as produksjebedriuw fan fideo.