FIDEO: Natascha Ausma wol oansluting wrâldtop

Natascha Ausma mei freed foar it earst meidwaan oan it Europeesk kampioenskip judo. Yn Warschau komt de 20-jierrige ynwenster fan Lippenhuzen yn aksje yn de klasse oant en mei 70 kilo. Ek de Nederlânse Sanne van Dijke komt út yn dy klasse.
Ausma waard op it wrâldkampioenskip junioaren tredde. Yn de striid om de brûnzen medalje wûn se doe fan Sanne van Dijke. "Dat is myn moaiste prestaasje ea." Trije wiken lyn pakte se brûns by de Grand Prix yn Tbilisi. Dy oerwinning wie by de senioaren en dus soene je sizze dat dat har moaiste herinnering is. "Mar op it WK wie de beleving oars. Ik wûn einliks wer ris fan Sanne, myn famylje wie der by en it wie in moaie beleving yn Abu Dhabi."
Ausma komt út yn de klasse ûnder de 70 kilo. Deselde klasse as Kim Polling, trijefâldich Europeesk kampioen en ien fan de beste judoka's fan de wrâld. Polling is no blesseard, wêrtroch Ausma nei it EK mei. "Mar dêr sjoch ik net nei. Dat hat gjin sin. Kim is goed, mar as ik de bêste wurde wol, moat ik har ek ferslaan."
Natascha Ausma komt freed op it EK yn aksje yn de klasse ûnder de 70 kilo.