Reiny Bourgonje wint Europeeske fotopriis

Reiny Bourgonje fan It Hearrenfean hat de haadpriis wûn yn in grutte Europeeske fotowedstriid. "It is net te leauwen, hiel oerweldigjend." Sa'n 9.000 minsken stjoerden har moaiste foto's yn, mar de aldermoaiste kaam fan Reiny. De foto hyt Zwarte Parel. Se makke in foto fan har nichtsje Esther, dy't adoptearre is út Nigearia. "Sy is myn muze, ik bin hiel wiis mei har, se knalt echt fan it byld ôf. Ik ha de foto gewoan by my thús makke, yn de lytse studio op de sliepkeamer mei deiljocht."
Gefoel
Se docht al in pear jier mei oan dizze wedstriid en wûn earder al ris in sechsde en fiifde priis. Nei 30 jier by in bank wurke te hawwen kaam se fia in kursus smink by fotografy út. "Ik ha allinne mar in basiskursus folge en bin no sa'n fiif jier dwaande. Ik folgje myn gefoel en bin altyd oan it sjen wat ik brûke kin om wat aparts te meitsjen." Har wurk is ek al geregeld pleatst op de webside photovogue. Der steane 58 foto's fan har op, mar de fotografe hopet fansels dat se ek nochris publisearje kin yn it moadeblêd Vogue. "It leafst set ik minsken op de foto, benammen donkere minsken. Ik soe graach mear searjes meitsje."
De priis is in goede fotokamera en dy priis krijt se op 21 maaie útrikt.