'Foarút oer de As' nominearre foar lanlike priis

19 apr 2017 - 13:53
Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

It programma 'Foarút oer de As' is ien fan de fiif nominearren foar de lanlike Galjaardpriis. Dat is in priis foar inisjativen op it mêd fan publike kommunikaasje. 'Foarút oer de As' wie ûnderdiel fan de iepening fan de Sintrale As, yn oktober ôfrûne jier. Op de nije dyk, doe noch ticht foar ferkear, wiene in iepenloftspul, sportevenemint en in hannelsrûte fan 9 kilometer lang.

Oare nominearren binne de Wike tsjin bernemishanneling, Zuyderland Live, 113 selsdeadingsprevinsje en Citylab010. Op 11 maaie wurdt de winner bekend makke.

Niemand is zijn stoornis

GGZ Friesland hat yn 2015 de Galjaardpriis wûn mei de kampanje 'Niemand is zijn stoornis'. De sjuery wie bot te sprekken oer de oanpak fan de kampanje wêrtroch't foaral begryp ûntwikkele wurdt foar minsken mei in steuring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)