FIDEO: Sanne Vermeer mei har mjitte mei senioaren op EK

19 apr 2017 - 23:10

Judoka Sanne Vermeer sil har freed foar it earst mjitte mei de Europeeske top by de senioaren. Vermeer waard earder al wrâldkampioen by de kadetten en by de junioaren ûnder de 18. No mei de 19-jierrige Stienzer meidwaan oan it Europeesk kampioenskip by de senioaren. "Ik ben daar wel een beetje nerveus voor. Het is bij de senioren toch heel anders judoën. Dan kom ik daar als junior binnen. Dat is wel spannend."

Nederlânsk kampioen

In soad ûnderfininng by de senioaren hat se noch net. Dochs waard se al Nederlânsk kampioen by de senioaren yn de klasse ûnder de 63 kilo. Dit jier wûn se de Nederlânske titel troch yn de finale Jennifer Wichers te ferslaan. Wat har kânsen binne op it EK is dan ek dreech te foarspellen. "Ik kom daar vooral om mijn eigen wedstrijd te judoën. Wedstrijdje voor wedstrijdje."

Enschede

Vermeer is opgroeid yn Stiens, traint no op Papendal, mar wennet yn Enschede. "Daar doe ik de opleiding technische geneeskunde. Dat is soms best lastig. Alles combineren maakt het wel zwaar, maar ik vind het zo wel fijn."

Sanne Vermeer komt freed yn aksje op it EK yn Warschau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)