Lang net alle nuete kninen ha in moai libben

Bistewinkels moatte bettere foarljochting jaan oer de oanskaf fan in knyn, dat fynt de Dierenbescherming. Neffens de organisaasje sitte der op dit stuit tûzenen kninen sneu te wêzen yn hokjes by minsken thús. Bygelyks omdat se allinne binne of te min romte hawwe.
Neffens bernebuorkerij Doniastate yn Stiens is oan in knyn dúdlik te fernimmen dat er net lokkich is, it bistje sit dan stil yn in hoekje. De bernebuorkerij fynt dat kninen op syn minst mei syn twaen yn in hok sitte moatte en dêr ek wat te dwaan ha moatte. Sa ha se yn Stiens bygelyks beamtûken yn hokken lizzen, dêr't oan knage wurde kin.