Taalekspo sil OBE hite en bou begjint gau

19 apr 2017 - 13:02

OBE is de namme fan de taalekspo dy't meikoarten op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert boud wurdt. Dat is woansdeitemoarn bekend makke by it begjin fan de bou fan Lân fan Taal. De namme ferwiist nei de bekende Fryske dichter Obe Postma (1868-1963).

It sintrum moat it plak wurde dêr't taal belibbe wurdt. It is in ynteraktyf besikerssintrum mei keunstynstallaasjes der't alle talen fan 'e wrâld yn gearkomme. It makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018. De bûtenkant fan it gebou kin brûkt wurde as tribune by grutte eveneminten op it Aldehoustertsjerkhôf. Boubedriuw Lont fan Sint-Anne hat de opdracht krigen it Lân fan Taal te bouwen. It boubedriuw begjint fuort nei befrijingsdei mei de bou. Yn jannewaris wurdt it gebou offisjeel iepene.

Elk is wolkom

"OBE bekt lekker en de persoan Obe Postma past ek nochris hiel goed by wat Lân fan Taal útdrage wol," seit deputearre Sietske Poepjes. Takom jier binne der tal fan aktiviteiten, net inkeld yn de stêd mar ek yn de provinsje, lykas in Taalkaravaan en in poëzijwedstriid. "Yn OBE is plak foar alle talen," seit Siart Smit direkteur fan Lân fan Taal. "Neffens wikipedia binne der 6.700 talen op de wrâld. Yn OBE kinne besikers alle dagen sjen wat it program fan de dei is. Taal is wat ús mei elkoar ferbynt, we brûke it ommers allegear. Elk is mei syn eigen taal wolkom."

(Advertinsje)
(Advertinsje)