FIDEO: Judoko Margriet Bergstra giet foar top 7 op EK

19 apr 2017 - 18:40

Margriet Bergstra fan De Lemmer komt tongersdei as earste Fryske judoka yn aksje op it Europeesk kampioenskip judo yn Warschau. Lyk as de oare Friezinnen Natascha Ausma en Sanne Vermeer makket ek Bergstra har debút op it EK. Hast trije wiken lyn belibbe se har hichtepunt troch in brûnzen medalje te winnen op de Grand Prix yn Tbilisi. Troch dy prestaasje tinkt se no dat in medalje ek ta de mooglikheden heart. "Ik gean fansels foar in medalje, mar lêstich wurdt dat wol."

Gewichtsklasse

Bergstra siet altyd yn de klasse ûnder de 63 kilo. Yn dy klasse wie se lykwols nochal licht en dêrtroch hat se no keazen foar in oare gewichtsklasse, ûnder de 57 kilo. "Dit past better by my. Ik ha der no minder muoite mei. Boppedat bin ik yn dizze klasse no de bêste Nederlanner. By de Spelen mocht Sanne Verhagen yn dizze klasse meidwaan, mar dy docht no efkes net mei. It is fansels ôfwachtsjen wat sy aanst dwaan sil, mar dit is no wol efkes geunstich foar my."

Wrâldtop

Bergstra heart noch net by de absolute wrâldtop, mar hat dit jier wol in goede stap setten. Se wûn al medaljes op de Europa Cup en it Europeeske Iepen en no, in stap heger, ek op de Grand Prix. "Litte we sizze dat ik wol in goeie stap rjochting de wrâldtop setten ha. De absolute wrâldtop is de Grand Slams en de WK's. Safier bin ik noch net, mar it giet wol de goeie kant op."

Margriet Bergstra docht tongersdei mei yn de klasse ûnder de 57 kilo.

 
(advertinsje)
(advertinsje)